Automobiliste mei buske oer de kop by Drylts

04 apr 2018 - 12:28

In frou is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Zuidwesthoekwei yn Drylts. De frou is troch ûnbekende oarsaak mei har bestelbuske op de kop yn de berm bedarre. De frou siet beknypt en dêrom is de brânwacht oproppen. Personiel fan de ambulânse is ek op it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Drylts
(advertinsje)