FIDEO: Houtmuseum yn Drylts hast klear foar iepening
Yn Drylts wurdt hurd wurke oan in nij museum oer houtbewurking en houthannel. Oer trije wiken wurdt it offisjeel iepene, mar it is noch net hielendal klear. It museum moat aanst mear besikers nei de stêd lûke. It is in inisjatyf fan houtseachmûne De Rat, Museum Nooitgedacht, de Houten Bok en it mûne-ynformaasjesintrum.