Eftelingdeuntsje mei yn Ljouwert brûkt wurde

04 apr 2018 - 11:39

De Efteling fynt it prima dat de gemeente Ljouwert it bekende deuntsje fan de Karnaval Festival attrraksje fan it pretpark brûkt om hingjongerein fuort te jeien. ''In Leeuwarden, en eerder ook op het Centraal station in Amsterdam, wordt het liedje door de herhaling uit zijn context gehaald. Op het park worden mensen er vrolijk van, daarbuiten kan het frustrerend werken. Wij vinden dat alleen maar grappig'', seit in wurdfierder fan it pretpark.

De attraksje Karnaval Festival is al 34 jier âld en al dy tiid is it deuntsje brûkt. It is ea betocht troch Toon Hermans en fierder útwurke troch komponist Ruud Bos fan de Efteling. Der sitte gjin rjochten mear op it ferske, dus elkenien kin it brûke. Bos hat earder oanjûn it in eare te finen dat it deuntsje ek bûten de Efteling brûkt wurdt.

Ljouwert set it Eftelingdeuntsje yn tsjin de oerlêst fan hingjongerein yn de wyk Camminghabuorren. Yn it tunneltsje fan Schatzenburg komt in lûdsprekker mei it ferske te hingjen. Dit moat tusken acht oere jûns en seis oere moarns de jeugd fuortjeie. De jongeren brûke it tunneltsje as hingplak en soargje foar in soad lûdsoerlêst foar omwenners. Se litte ek rommel lizze en der binne fernielingen.

Trefwurden: 
Efteling
(advertinsje)