Feanster (21) is rydbewiis kwyt nei gefaarlike aksjes op A32

It rydbewiis fan in 21-jierrige man fan It Hearrenfean is yn beslach nommen fanwegen syn gefaarlike rydgedrach. De man, bekend fan syn dielname oan it telefyzjeprogramma Temptation Island, begie neffens de plysje meardere gefaarlike oertrêdingen op de A32, wêrby't er himsels filme. Dy bylden sette de man op Instagram. Nei oanlieding fan de bylden koe de plysje de man oanhâlde.
Njonken dat er syn rydbewiis kwytrekke, is der proses-ferbaal tsjin de man opmakke. Ek moat er him melde foar in ferkearskursus. De man moat de kosten dêrfan sels betelje.