1,2 miljoen hantekens foar boargerinisjatyf minderheidstalen

© Omrop Fryslân, Miranda Werkman
In boargerinisjatyf foar minderheidstalen hat mear as 1,2 miljoen hantekens ophelle. Dat hat de organisaasje bekendmakke op in parsekonferinsje yn Denemarken. Neffens Lóránt Vincze fan de Europeeske organisaasje FUEN is dit it grutste minderhedeprojekt fan Europa. As de hantekens goedkard wurde, moat it Europeesk Parlemint oer minderheidstalen prate.
Oant no is it noch mar fjouwer Europeeske boargerinisjativen slagge om mear as ien miljoen jildige hantekeningen te sammeljen.