Danny Noppert smyt 'earste' Fryske njoggendarter

04 apr 2018 - 10:44

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat tiisdeitejûn de earste njoggendarter ea yn de Fryske dartkompetysje smiten. Dat barde yn in kafee yn Dokkum, by in offisjele kompetysjewedstriid fan it team fan Noppert. Yn it tritichjierrich bestean fan it Fryske Dart Bûn hie noch gjin inkelde spiler ea sa'n perfekte leg smiten yn in kompetysjewedstriid. Foar Noppert wie it net syn earste njoggendarter. Hy smiet twa kear earder in offisjele perfekte leg, by in nasjonaal rankingtoernoai yn Den Bosch en by in toernoai yn Dútslân.

By in njoggendarter wurdt in leg, wêrby't spilers fan 501 punten sa gau mooglik op 0 punten komme moatte, yn it lytst mooglik oantal beurten útsmiten.

Trefwurden: 
darten darts Danny Noppert
(advertinsje)