Drugslab yn Aldebiltsyl oprôle nei grut plysje-ûndersyk

De plysje hat woansdeitemoarn yn Aldebiltsyl in drugslab oprôle. Dat barde mei in grutskalige aksje nei drugskriminaliteit. Goed fyftich plysjeminsken binne dêrby belutsen, yn Fryslân, Noard-Brabân en Drinte. Undersyk fan de plysje yn Den Bosch hat woansdeitemoarn laat ta it oprôljen fan it drugslab. Ek yn Nieuw Amsterdam yn Drinte waard in grut drugslab oantroffen. Yn beide labs waarden inkelde tûzenen liters oan gemikaliën oantroffen.
Twa Friezen oanhâlden
De plysje hat oant no ta seis fertochten oanhâlden. Dêrby sitte twa Friezen, dy't by it laboratoarium oanwêzich wienen. It giet om in 29-jierrige man út Aldebiltsyl en in 28-jierrige frou út Ljouwert. De fertochten sitte op it stuit fêst.
Drugskriminaliteit nei it noarden
De plysje sjocht de lêste jierren dat drugskriminaliteit út it suden fan ús lân ek nei it noarden komt. Gemiddeld waarden yn Noard-Nederlân (Fryslân, Grinslân en Drinte) jierliks twa oant trije drugslaboratoaria oprôle. Yn 2017 wienen dat der al seis, wêrfan fjouwer yn Fryslân. Dit jier binne der al trije drugslabs yn Noard-Nederlân ûntdutsen, wêrûnder dizze yn Fryslân.