Ronald McDonaldhûs Fryslân slút de doarren

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It Ronald McDonaldhûs Fryslân, neist it sikehûs MCL yn Ljouwert, slút mei yngong fan 1 novimber de doarren. It útfanhûshûs foar âlden en bruorkes en suskes fan sike bern seach it oantal oernachtingen de lêste jierren stadichoan weromrinnen. De besetting fan it 14 jier âlde hûs wie noch mar de helte fan wat it earder wie. Neffens foarsitter Winferd Madlener feroaret de soarch en past it hûs syn belied der op oan.
It hûs yn Ljouwert hat sân keamers en der wurkje twa minsken yn fêste tsjinst. It measte wurk wurdt dien troch in grutte groep frijwilligers. Alden mei in siik bern yn it sikehûs kinne fan 1 novimber ôf de fasiliteiten en famyljekeamers fan it MCL brûke. Fakânsjehûs De Hoeve, fan it Ronald McDonald bernefûns yn Beetstersweach, bliuwt gewoan iepen.