App bringt skiednis fan Fryslân op bysûndere plakken yn byld

03 apr 2018 - 22:46

Der is in nije app op 'e merk kaam dy't de brûkers troch middel fan Augmented Reality (AR) by de hichtepunten fan Fryslân del liedt. Op bysûndere plakken yn de provinsje, lykas de Wetterpoarte yn Snits en it Wyfke fan Starum, sjogge en hearre minsken op de telefoan nijsgjirrige saken út it ferline oer dit plak. Dat bart troch in digitale laach dy't om it samar te sizzen 'oer de werklikheid' lein wurdt. De bysûndere plakken lizze oan in rûte dy't minsken kuierje, fytse of ride kinne.

De app hjit 'MeAR Fryslân' en hy is ûntwikkele troch Tjitske Swierstra út Wurdum.

(advertinsje)