Tal toeristyske oernachtingen yn Fryslân tanaam

04 apr 2018 - 06:02

It giet opnij better mei it toerisme yn Fryslân. It tal toeristyske oernachtingen yn Fryslân is ferline jier wer tanaam. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, it CBS. Yn 2017 hawwe sawat 1,5 miljoen Nederlanners yn Fryslân op fakânsje west. It tal bûtenlanners dat ien of meardere oernachtingen boekte yn Fryslân, lei op goed 300.000.

De toeristesifers yn Fryslân passe yn it lanlike byld. Yn hiel Nederlân is it tal toeristyske oernachtingen yn 2017 mei 9 persint tanaam. Dat is de grutste groei sûnt 2006. Fryslân stiet yn de lanlike middenmoat. De populêrste regio is Amsterdam. Yn Grinslân, Flevolân en Drinte wurde de minste oernachtingen boekt.

Trefwurden: 
CBS toerisme oernachtingen
(advertinsje)