Marit Bouwmeester klimt fan it 31e nei it tredde plak

03 apr 2018 - 22:08

Marit Bouwmeester fan Warten hat tiisdei trije sterke races delset op de Princes Sofia Cup op it wetter by Palma de Mallorca. De Laser Radial-sylster einige har wedstriden as earste, tredde en sânde en klimt dêrmei fan it 31e nei it 3e plak yn it klassemint fan de Prinses Sofia Cup.

Bouwmeester is tefreden oer it resultaat oant no ta. Se seit dat se dizze winter hurd oan it trainen west hat, mar dat dy trainingen faak mei lytse groepen wiene. Dat is dizze wedstriden wol oars: der wurdt racet mei 113 froulju. Dat is wer efkes wenne, en freget om oare feardichheden. Dizze wike brûkt sy dan ek om in tal fan dy feardichheden dy't spesifyk bedoeld binne foar it racen, yn in grutte kompetysje, te oefenjen. De kompetysje is sterk en dêrom is Bouwmeester bliid te sjen dat de saken dy't se traind hat, no ek echt better binne.

(advertinsje)