Gjin koartingspas LF2018, mar in soad fergeze eveneminten

03 apr 2018 - 20:14

Der komt gjin spesjale koartingspas foar minsken mei in smelle beurs, dy't ek nei de djoere foarstellingen fan Kulturele Haadstêd ta wolle. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert fynt dat in minimapas stigmatisearjend wurket.

Stigmatisearjend

"Wy hawwe yn it ferline wolris neitocht oer in pas, mar it is bêst yngewikkeld om dêr in kar yn te meitsjen. Dat soart systemen binne stigmatisearjend en se binne ek relatyf djoer. Foar dit jier hawwe wy derfoar keazen om safolle mooglik eveneminten fergees tagonklik te meitsjen. De gemeente tinkt wol nei oer sa'n systeem, mar dat hoecht net beslist yn 2018, want dêrnei is der ek noch fan alles te dwaan."

"Yn stêden lykas Grins en Antwerpen hawwe se in stedspas. Dy is beskikber foar elkenien. It is in pas dêr'tst grutsk op bist. Dat liket my better ta, mar wy wolle der earst efkes goed yn dûke om te sjen oft it echt helber is. Dat is op himsels frij djoer. Der binne ek oare systemen om soks te dwaan."

Sykje op 'Wat is fergees'

De fergeze eveneminten binne dreech te finen op de webside fan Kulturele Haadstêd 2018. Ferantwurdlike Immie Jonkman: "Op ús webside kinst aansen tenei ek sykje op 'wat kostet in bepaald projekt'. Kinst no al sykje op datum of sjenre, mar straks ek op dingen dy't fergees binne."

"Omdat wy fan dei 1 ôf sein hawwe: Alles mei by ús op de aginda", stean der in hiel soad dingen op. Gelokkich kinst sykje op in tiidrak, lykas bygelyks in wykein. Dat gerjochte sykjen makket it al folle dúdliker. Aansen kinst ek sykje op kosten. Ast gjin jild hast en wol earne hinne wolst, kinst sykje op watfoar dingen fergees binne. 

Nije programmakrante

"Op 8 maaie komt in nije LF2018-programmakrante út. Dat wurdt hûs-oan-hûs ferspraat. Dêr stiet by elk evenemint dúdlik oanjûn oft it fergees is of net. Ik snap dat it lestich sykjen is op sa'n folle webside, mar miskien moatte wy oan de oare kant ek mar bliid dwêze dat der safolle op stiet. Dat betsjut dat der in soad aktiviteiten binne.  En in pear fan de grutte eveneminten, lykas de reuzen fan Royal de Luxe en de 11 Fountains binne ek fergees."

Trefwurden: 
LF2018 kulturele haadstêd
(advertinsje)