Enerzjy-ekspert foarspelt fikse groei tal mega-sinneparken

Sinnepark © Alexander Kooistra
Oer fiif jier binne yn Fryslân mooglik hûndert grutte sinneparken. Dat binne parken mei mear as tsientûzen sinnepanielen. Dy ferwachting sprekt provinsjaal enerzjy-ekspert Bouwe de Boer út. Troch in finansjeel geunstige subsydzjeregeling, dy't pas sûnt ferline jier jildt, dûke bedriuwen en gemeenten manmachtich yn it gat fan grutskalige sinne-enerzjy. Dat sil foaral tapast wurde op leechsteande bedriuwsterreinen dy't no in soad jild kostje. Troch de geunstige regeling kin dêrtroch noch wat op fertsjinne wurde.
Ein ferline jier binne der al 240 oanfragen út Fryslân goedkard. Mids takom jier kin opnij ynskreaun wurde foar in subsydzjeregeling. It kommend healjier wurde al fjouwer grutte sinneparken by Ljouwert ûntwikkele en trije yn Eaststellingwerf. Der binne al sinneparken op It Amelân en by Garyp.