Earste ljipaai yn hast alle Fryske gemeente fûn

03 apr 2018 - 19:27

Yn alle Fryske gemeenten op ien nei is no in earste ljipaai fûn. Dy iene gemeente is Flylân en dêr wurdt net aaisocht. Dat betsjut wol dat de perioade dat der suver oeral socht wurde koe foarby is. Fûgelwachters konsintrearje harren no op it eigen neisoarchgebiet. Dêr kamen se earst net in hiel soad ljipaaien tsjin, mar it Bûn fan Fryske Fûgelwachten heart no hiel oare lûden. Bygelyks fan boer en neisoarger Wieger van der Meulen út Suwâld. Dy hat no al sawat fyftjin nêsten op en njonken in stik maislân. Hy ferwachtet dat it noch folle mear wurde. De fûgelwacht set dêr ek in plas&dras-pomp yn.

De nêsten dy't fûn wurde, komme op in saneamde stippekaart te stean, neidat de neisoargers se trochjûn hawwe mei in nije app op it mobyltsje. "Wy sitte no hast tsjin de 1300 oan", seit Inge van der Zee fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

(advertinsje)