Fytser ferwûne by oanriding Skarsterbrêge
In frou op in fyts is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Skarsterbrêge. Se soe de Hollandiastrjitte oerstekke en waard dêrby oanriden troch in auto.
De ferwûne frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is en hoe't it slachtoffer deroan ta is.