Lytse demonstraasje yn sintrum Ljouwert tsjin islamofoby

03 apr 2018 - 17:52

In lytse demonstraasje tsjin islamofoby en fassisme wie der tiisdeitemiddei op de Nijstêd yn Ljouwert, as tsjinlûd tsjin ekstreem-rjochtse ideeën en útspraken dy't hieltyd gewoaner lykje te wurden, neffens de demonstranten. Marrit Anne is in Fryske moslima dy't de demonstraasje organisearre hat. Neffens har is in tsjinlûd echt nedich. Se hat yn de hoareka wurke en makke dêr in soad diskriminearjende opmerkings mei. "Die zwartjoekels pakken onze banen af, en zo. Ik ben moslima, maar ik heb geen bom onder mijn hoofddoek." Ek by de swarte-pitediskusje fernaam se dat der in soad islamfoabyske en rassistyske opmerkings makke wurde.

"Gjin bom ûnder myn holdoek"

De direkte oanlieding foar de demonstraasje wie in oprop út Grut-Brittanië om op 3 april moslims te mishanneljen. De Muslim Punish Day is miskien heal om heal as in grapke brocht, seit Marrit Anne. Mar se sjocht op sosjale media dat der ek reagearre wurdt troch minsken foar wa't it gjin grapke is. Se woe in tsjinaksje. De opkomst fan de demonstraasje foel mei in lytse tritich dielnimmers wat ôf. Marrit Anne fynt dat wol spitich, mar se set troch mei har aksjes.

"Alle minsken binne lykweardich"

Ien fan de dielnimmers sei dat se meirint omdat der tsjintwurdich in soad minne publisiteit oer de islam is, mei islamofoby en rasisme. It wurdt no tiid dat it tsjinlûd ek yn de publisiteit komt. "Yn Nederlân is it goed wenjen. Dan moatte wy hjir dan ek mei ús allen wenje kinne?" In skoalfamke rint mei, omdat se fynt dat alle minsken gelykweardich binne. Se fynt it wichtich dat sjen te litten.

Trefwurden: 
demonstraasje islamofoby
(advertinsje)