Demonstraasje yn Wolvegea tsjin leechfleanrûtes Lelystêd

03 apr 2018 - 17:27

Begjin maaie wurdt der yn Wolvegea in demonstraasje hâlden tsjin leechfleanrûtes fan fleanfjild Lelystêd ôf. De protestaksje is ûnderdiel fan in estafettedemonstraasje. Dy giet troch alle gebieten dêr't oerlêst fan leechfleanende fleantugen ferwachte wurdt, nei de útwreiding fan Lelystad Airport.

De aksje yn Wolvegea is op 3 maaie. Demonstranten sammelje yn Munnikebuorren en geane dan fytsend en rinnend nei Wolvegea.

(advertinsje)