Safolste rjochtsaak oer festivals yn Griene Stjergebiet

03 apr 2018 - 16:29

Foar- en tsjinstanners fan de festivals yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert troffen elkoar tiisdei foar de safolste kear by de rjochter. Ynset is opnij de fraach oft it terrein wol geskikt is foar festival. Neffens de aksjegroep Groene Ster Duurzaam is it gebiet te kwetsber foar al dy drokte. It liedt ta skea fan bysûndere bisten, lykas de heidekikkert.

Wurdfierder Wiebe Kootstra fan de festivals seit dat se krekt goed rekken hâlde mei de omwenners en de natuer. Der bliuwe strannen foar deirekreaasje tagonklik foar swimmers as de festivals der binne. Fierders wurde de twa lytse gebietsjes dêr't de heidekikkert ferbliuwt, ôfset, sadat de festivalbesikers der net komme kinne.

Neffens Kootstra liket it as grypt de aksjegroep Groene Ster Duurzaam alles oan om de festivals tsjin te hâlden. Neat fan wier, seit wurdfierder Theo van Gelder. De aksjegroep is net tsjin festivals op himsels. Van Gelder is sels ek besiker fan ien fan de festivals. Mar it terrein en de natuer dêr is der gewoan net geskikt foar, fynt er. Oan de natuer wurdt gjin oandacht bestege en dat sil no net oars wêze. 

De rjochter rôp omwenners en de gemeente ferline jier, by in eardere rjochtsaak, noch op om mei-inoar kofje te drinken en sa yn mienskiplik oerlis derút te kommen. Van Gelder seit dat dêr neat útkaam is. Hy seit dat se entûsjast begûn binne, mar dat de gemeente hieldendal neat wol. 

Fan 't simmer giet it wer los mei de festivals Welcome to the village, Psy-Fi yn it gebiet. De gemeente moat lykwols earst noch in fergunning ôfjaan foar dy festivals. Fierders is der ek in LF2018-festival Conference of the Birds oer greidefûgels. 

(advertinsje)
(advertinsje)