FIDEO: Sloop sintrale rotonde yn Damwâld úteinset

Meastentiids komme der rotondes by, mar net yn Damwâld. Dêr wurdt de rotonde by sealesintrum De Kruisweg sloopt en dat hat alles te krijen mei de Sintrale As. It autoferkear raast al sawat oardiel jier oer de nije autodyk fan Dokkum nei Nyegea. Dêrtroch rydt der folle minder ferkear oer de Haadwei troch it doarp.
De trochgeande dyk yn Damwâld wurdt no in dykje mei in 'doarpser' karakter en de sintrale rotonde wurdt in krúspunt mei klinkers. It wurk oan de Haadwei is ferline jier april úteinset. De sloop fan de rotonde is de lêste faze fan it wurk. It duorret al wat langer troch it kâlde winterwaar fan de ôfrûne tiid. It krúspunt bliuwt ticht foar it autoferkear oant en mei 29 april.