Selstraf foar man dy't kondukteur brutsen noas slacht

03 apr 2018 - 15:20

De man út Assen dy't in kondukteur yn de trein fan Snits nei Ljouwert in stikkene noas slein hat, hat trije moanne sel en tbs mei twangferpleging krigen. It ynsidint spile him oardel jier lyn ôf, doe't de kondukteur de man nei syn kaartsje frege. De fertochte fleach him doe oan.

Neffens saakkundigen hat de man ferskate psychiatryske stoarnissen. Hy hat gjin besef fan wat der mei him oan de hân is. In twongen behanneling is de iennige manier om foar te kommen dat er wer de fout yn giet, sizze se. De rjochter giet dêryn mei.

(advertinsje)