Ljouwert smyt Eftelingdeuntsje yn striid tsjin hingjongerein

03 apr 2018 - 15:09

Ljouwert set it Eftelingdeuntsje yn tsjin de oerlêst fan hingjongerein yn de wyk Camminghabuorren. Yn it tunneltsje fan Schatzenburg komt in lûdsprekker mei it ferske te hingjen. Dit moat tusken acht oere jûns en seis oere moarns de jeugd fuortjeie. De jongeren sjogge it tunneltsje as omhingplak en soargje foar in soad lûdsoerlêst foar omwenners. Se litte ek rommel lizze en der binne fernielingen.

Der hinget al in saneamde Mosquito, dy't mei heechfrekwint lûd de jongerein fuortjeie moat, mar dat wurket neffens de gemeente net. Yn Amsterdam hawwe se al proefdraaid mei it Eftelingdeuntsje en dêr wurket it. Dêrom is it ferske no as proef in heal jier yn Ljouwert te hearren.

It Eftelingdeuntsje is hjirûnder te beharkjen:


 

(advertinsje)