Geert Kuiper hâldt op as reedrydbûnscoach

03 apr 2018 - 14:50

Geert Kuiper hâldt op as bûnscoach by de KNSB. Kuiper wie sûnt 2014 ferantwurdlik foar de seleksje en coaching fan de Nederlânske langebaanriders op de ploege-efterfolging, massastart en teamsprint. Under him helle Nederlân sân wrâldtitels en twa Europeeske titels.

Kuiper liet by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä al trochskimerje dat er deroer twivele oft er wol troch woe. Dy twivels binne noch net fuort.  En dan kinne je mar better ophâlde, seit Kuiper dêr sels oer.

Twivels

"Al foar de Olympyske Spelen hie ik de twivels en dat is net feroare", seit Kuiper. De twivels komme foar in part út de wurkwize fan de bûnscoach, sa as dy no is. De Nederlânske reedriders binne faak fuort mei harren eigen kommersjele ploech, wêrtroch't der amper tiid is om mei-inoar te trainen. "Dat is net watst wolst as sportcoach. Eins hast te folle ferantwurdlikheid en te min kontrôle", fertelt Kuiper.

Hoe't syn takomst der útsjocht, wit de 57-jierrige Kuiper noch net. "De banen lizze net foar it oprapen yn it reedriden. Allinne Jumbo hat alles rûn foar takom jier, foar de rest sit elkenien noch yn ûnwissens."

(advertinsje)