Polderhoofdkanaal kin earder iepen foar rekreaasjefeart

03 apr 2018 - 14:25

It Polderhoofdkanaal kin dit jier seis wiken earder iepen as oars. No is dit jier fan 15 maaie ôf iepen foar rekreaasjefeart, en oars wie it 1 july. It kin earder om't út ûndersyk bliken docht dat de ekologyske wearden yn it kanaal en de kompensaasjegebieten ferbettere binne. Dat betsjut dat der mear beplanting en bistjes, sa as de streekte wetterrôfkrobbe, binne. Om dy reden jout de monitoaringskommisje oan dat der gjin beheiningen binne oan it iepenstellen fan it kanaal yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân.

Neist it earder iepenstellen, kin ek de fardjipte mei 10 sintimeter fergrutte wurde. Dat betsjut dat de boaten dy't it kanaal op meie, 10 sintimeter mear djipgong hawwe meie. It kanaal is oant 15 septimber iepen foar boatsjes. Dêrmei hat it kanaal deselde iepeningstiden as de Turfrûte.

(advertinsje)