Dútser ferwûne nei sprong dún

02 nov 2011 - 10:57

In jonge (17) út it Dútske Willich is tiisdei mei de traumahelikopter fan It Amelân helle. De jonge sprong by de Koaipleats fan in dún ôf en kaam ferkeard telâne. Hy rekke ferwûne oan syn rêch.

De jonge is mei de helikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Hy wie mei in groep toeristen op it eilân.

(advertinsje)
(advertinsje)