Soad sportklups noch net klear foar nije privacywet

03 apr 2018 - 13:07

In soad sportklups binne noch net hielendal klear foar de nije privacywet, dy't ein maaie yngiet. De nije wet stelt strange regels oan it opslaan en ferwurkjen fan persoanlike gegevens troch sportklups. It giet dan om bygelyks foto's en filmkes fan sportende bern, dy't op Facebook ferskine.

Neffens Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân binne de 1650 sportklups yn Fryslân aardich op wei, mar is der noch in soad ûndúdlik oer wat wol en wat net mei. Sport Fryslân begeliedt de klups troch ynformaasjegearkomsten mei saakkundigen te hâlden.

De measte klups binne der yntusken wol op taret, mar neffens De Vries is dit wer ien fan de saken, dy't de klupbestjoeren der by dwaan moatte. ''It is steapelje by de bestjoerders'', seit De Vries.

(advertinsje)