Strânjutter fynt part fan fleantúch út Twadde Wrâldoarloch

03 apr 2018 - 13:03

Strânjutter Casper Meinders fan it Grinzer Eenrum hat in bysûndere fynst dien op it strân fan Skiermûntseach. Hy fûn in stik fan in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch, dat yn de buert fan it Waadeilân delstoart is. It giet om in diel fan de sturt. Oan de hân fan de koade dy't yn it aluminium stiet, is efterhelle dat it om in Wellington-fleantúch giet.

Dêrfan binne der neffens saakkundige Douwe Drijver fan Tresoar yn de oarloch troch de Dútsers hûnderten delhelle. Fierdere gegevens oer it fleantúch binne dan ek dreech te finen.

(advertinsje)