Seizoen fan Martin Ødegaard sit derop

03 apr 2018 - 12:06

Martin Ødegaard hat syn lêste wedstriid foar SC Hearrenfean fuotballe, dat meldt de fuotbalklup. De middenfjilder hat snein yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo syn middelfoetsbonkje brutsen en mist dêrtroch de lêste fiif kompetysjewedstriden en eventuele play-offs.

Ødegaard kaam yn jannewaris 2017 oer fan Real Madrid en is oant en mei de ein fan dit seizoen hierd fan de Spaanske klup. De 19-jierrige middenfjilder kaam dit seizoen 24 kear yn aksje yn kompetysjeferbân en skoarde dêryn twa kear.

(advertinsje)