Mei drugs en sûnder rydbewiis achter it stjoer yn Ljouwert

03 apr 2018 - 10:53

In 41-jierrige Drachtster is moandeitenacht syn rydbewiis kwytrekke, om't hy ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De man foel op, doe't hy by winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert tsjin it ferkear yn ried. De plysje sette de automobilist oan de kant. Neffens de plysje wie dúdlik te sjen, dat er drugs brûkt hie. Om dy reden is der in bloedproef ôfnaam.

Op de Troelstrawei yn Ljouwert waard moandeitenacht in 39-jierrige automobilist út Aldebiltsyl oan de kant set. De man krige proses-ferbaal, om't hy sûnder jildich rydbewiis ried.

Trefwurden: 
drugs rydbewiis kwyt Ljouwert
(advertinsje)