Oanriding op Alde Dyk yn Koatstertille

Op de Alde Dyk yn Koatstertille binne moandeitejûn twa auto's frontaal opinoar botst. Ien fan de bestjoerders seach te let dat der in frou oer de dyk kuiere. De bestjoerder besocht de frou te ûntwiken, mar rekke de macht oer it stjoer kwyt. De auto bruts út en rekke mei de efterkant de kuierder. Dy kaam yn de sleat neist de dyk telâne. De auto botste dêrnei fol op in tsjinlizzer. It is noch net bekend hoefolle minsken ferwûne rekke binne en hoe't dy der oan ta binne.