Kollum: "Slachtoffers ha libbenslang, dieders nea"

"As in misdiediger syn straf útsitten hat, is er dan frij om te gean en te stean wêr’t er wol? Foar it rjochtlik systeem is dat yn alle gefallen in wissichheid. Foar de wet lyksa. Dochs moat dy wissichheid opnij besjoen wurde. Krekt as it automatisme fan de ‘vervroegde vrijlating’. Yn ’e praktyk betsjut dat trouwens ‘voorwaardelijke invrijheidstelling’. Dat is bedoeld om kontrôle te hâlden op dieders dy’t weromkomme yn de maatskippij.
Ofrûne wike seach ik it ferhaal fan Jack Keijzer, in man waans soan fermoarde wurden wie. Pascal Keijzer hie op in stuit rûzje krigen mei twa manlju. Dat wie sa út ’e hân rûn dat dy de jonge fan 16 dea dien hiene. Beide manlju wiene betider frijlitten, en ien fan dy twa wie yn ’e buert fan Jack Keijzer en syn frou Jolanda wenjen gien: hy kaam dêr ek wei.
Men kin jin yntinke hoe’n impact dat op sa’n famylje hat. Alle dagen rinne je it risiko om de moardner fan jins bern tsjin te kommen. Je ha kâns dat je sjogge hoe’t sa’n dieder syn libben wer opbout, hoe’t er mei frou en bern in blokje om giet, jierdeifeestjes fiert. Jack Keijzer beskreau dat as ûndraachlik. Hy fertelde ek noch dat de broer fan Pascal himsels tekoart dien hie, om’t er it ferlies fan syn broer en kammeraat net ferwurkje koe. Dêr stie in heit, sûnder bern, en gie fierder mei it relaas dat ek de ‘vervroegde vrijlating’ yn ’e kiif stelde.
De famylje Keijzer hie in betinkingsbeam plante op it plak dêr’t Pascal stoarn wie. Dy beam waard, sûnt de dieder wer yn ’e buert wenne, hieltyd fernield. Wierskynlik troch guon út ’e rûnten fan de dieder. Nei de achtste kear knapte der wat by Jolanda, de mem fan Pascal. Sy en har man giene nei it hûs fan de dieder mei it doel om it te bekladderjen. Om’t de man thús wie draaide it op in konfrontaasje út, wêrby’t stompt en slein wurden wie. In aaklike sitewaasje dy’t de neibesteanden opnij traumatisearre, en jierren achterút smiet yn harren ferwurking.
Om soks foar te kommen moat der in permanint wenferbod oplein wurde. Sa’t it no is kin in boargemaster of in rjochter dat allinne dwaan as de dieder de slachtoffers lestich falt. Dat is net inkeld dreech te bewizen –sjoch de famylje Keijzer– mar kin ek net langer as twa jier. Dat moat dus oars. Fansels is in permanint wenferbod in swier middel. Lykwols giet it ek om swiere kwestjes. Want no is it net allinne ûnferdraachlik foar slachtoffers en neibesteanden, mar ek ûnearlik. Sy ha nammentlik libbenslang, wylst dieders earder frijkomme en troch in breklike kontrôle yn alle frijheid harren gong gean kinne.
Is dat rjochtfeardigens?"