Crowley: earst foar straf op de bank en dêrnei winnende goal

02 apr 2018 - 21:30

Cambuurspiler Daniel Crowley wie de man dy't de wedstriid op peaskemoandei tsjin Einhoven makke. De Ingelske Cambuurspiler kaam te let de wedstriid, tegearre mei Sai van Wermeskerken. Beide spilers moasten de earste helte op de bank sitten bliuwe. Trainer René Hake sette him nei it skoft dochs yn en Crowley soarge flak foar it einsinjaal út in frije traap foar de winnende goal fan Cambuur. "We kinne der no wol om laitsje", seit Crowley, "omdat we de wedstriid wûn hawwe. Mar as it in minne útwurking hân hie op it team, hie it net sa grappich west. Te let komme kin echt net. Sai en ik hawwe inoar ferkeard begrepen. It sil net wer foarkomme."

Peptalk

"Oan de ein wie it senuwslopend, want der wiene noch mar in pear minuten te spyljen. Ik seach dat de keeper in bytsje 'off the line' stie. Ast de bal yn it goede gebiet pleatst, is it normaalsprutsen altyd in goal. Dat wie no ek it gefal en ik bin der hiel bliid mei. Dizze wedstriid is in grutte opstekker foar it team, alhoewol't wy it yn de earste helte net sa bêst dien hawwe as team. De trainer hat ús yn it skoft in goede peptalk jûn."

Net eufoarysk

Martijn Barto fynt ek dat de earste helte 'moeizaam' gie. Yn de twadde helte gie it better. "Mar wy moatte net eufoarysk wurde", seit Barto. "Wy moatte noch hiel wat wedstriden spylje en noch hiel wat punten helje. Dit is in stap yn de goede rjochting. Hooplik kinne wy dit in ferfolch jaan. Dy play-offs moatte wy helje." It is mooglik Barto syn lêste seizoen by Cambuur. Oft syn kontrakt ferlinge wurde, sil bliken dwaan oer maksimaal fjouwer wiken.

"It is wachtsjen op de 0-1"

Trainer René Hake tinkt dat Cambuur goed út ein set is yn de wedstriid tsjin Eindhoven. Yn dy faze hie der minimaal in iepeningsgoal komme moatten, fynt Hake. "Troch ús eigen sleauwens krige Eindhoven twa mominten dat se der gefaarlik út kamen. Dêrnei namen se it inisjatyf oer, omdat wy gjin inisjatyf hiene, benammen net yn it 'oan de bal goed dwaan'. We seine op de bank ek al: It is no wachtsjen op de 0-1. Oan de rêst ta like it goed te gean mei in stân fan 0-0.

Poerbêst spile

"Binnen in pear minuten draaide de wedstriid hielendal om. Dat lok moatte jo hawwe. Dat smiet fuortendaliks twa hiel goede goals op foar ús. Dat wie gewoan poerbêst spile. De faze dêrnei hiene wy ek dúdlik oerwicht. Der wie mar ien ding dat wy net diene: De wedstriid beslisse. En doe makke Crowley de winnende goal. It wie de iennige opsje dy't koe." 

(advertinsje)