ONS Snits hurd ûnderút tsjin Spijkenisse

02 apr 2018 - 18:04

Net allinnich Harkemase Boys moast op peaskemoandei útkomme yn de tredde difyzje. Ek ONS ferskynde op it fjild yn in útwedstriid tsjin VV Spijkenisse. De Snitsers ferlearen de wedstriid mei 3-0. Spijkenisse krige yn de earste helte mear kânsen. Oant de rêst ta bleau de skea foar ONS beheind ta 1-0.

Spijkenissespiler Michael van Dommelen skeat yn de 40e minút in strafskop nei hands fia ONS-keeper Barry Diteweg yn de touwen. Nei de rêst slagge ONS der ek net yn werom te kommen. Yn de 63e minút makke ynfaller Jazzy Adams mei in hurde úthaal de 2-0 foar Spijkenisse. Tsien minuten letter kopte teamgenoat Michael van Dommelen de 3-0 yn.  Dat wie ek de einstân.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(advertinsje)