Outdoor De Grutte Wielen wreidet út en dêr bliuwt it net by

02 apr 2018 - 17:12

Outdoor De Grutte Wielen by Ljouwert is sûnt peaskemoandei offisjeel útwreide. Der kaam fuortendaliks in soad folk op ôf. It terrein waard oant no ta ûnder oare al brûkt om te paintballen. De romte dêrfoar is safolle útwreide dat it no de grutste paintballbaan fan Fryslân is.  Der is no ek plak om flotten te bouwen, mei in bôge te sjitten en in steiger om yn kano's te stappen. Der is ek in grutte survivalbaan by kaam, en der is wer in klimtoer. Oan dy toer fêst soe yn de takomst in tokkelbaan komme moatte. Der binne ek plannen foar noch in survivalbaan, seit Pepijn van Binsbergen. Hy is ien fan de beide eigeners fan it bedriuw.

Ien en oar wurdt no oanpriizge as in 'outdoorpark'. Neffens Van Binsbergen wurde dit soarte fan aktiviteiten hieltyd populêrder.

(advertinsje)