Tsjûgen socht ûngelok Langwar

02 nov 2011 - 11:00

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok. Op 27 oktober is by Langwar in famke (15) út Diken oanriden. Se fytste om 18.00 oere krekt bûten it doarp oer it Lyts Dykje, doe't in lytse reade auto har fan achteren oanried.

De bestjoerster ried troch. Neffens it slachtoffer hie de frou in lyts bern neist har yn de auto. It famke moast nei it sikehûs mei in kniesde skonk en in skuorke yn in nekwervel.

(advertinsje)
(advertinsje)