Winst foar Cambuur, Ljouwerters bliuwe yn race foar play-off

02 apr 2018 - 16:36

Cambuur makket noch altyd kâns op in plak yn de play-offs. De Ljouwerters moasten de wedstriid op peaskemoandei winne en dat diene se. De thúswedstriid tsjin Eindhoven wûnen de Ljouwerters mei 3-2. Einhovenspiler Mart Lieder iepene de skoare. Mei in 1-0 achterstân sochten de Ljouwerters te klaaikeamer op.

Nei it skoft makke Martijn Barto twa doelpunten foar Cambuur (2-1). Kevin van Kippersluis krige in giele kaart foar it mei opsetsin ûnderút heljen fan in tsjinstanner. Dêrnei makke Mart Lieder de lykmakker (2-2) foar Eindhoven. Flak foar de ein skeat Daniel Crowley mei in geweldige frije traap Cambuur nei de einoerwinning: 3-2.

Cambuurspilers Sai van Wermeskerken en Daniel Crowley moasten op de bank begjinne, om't se te let wiene.  Nei it skoft mochten se dochs noch ynfalle. 

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)