Sumarder besiket plysjefrou te smoaren

02 apr 2018 - 15:43

In 23-jierrige man út Sumar is sneintenacht yn Drachten oanhâlden nei't er besocht hie in plysjefrou te smoaren. De man wie by in evenemint op de Nipkowleane sa ferfelend dat de befeiliging yngripe moast. Hy hâlde net op en fernielde de spegel fan in frachtwein. Doe't plysjes him oanhâlde woene, fersette de man him bot en grypte er de frou  by de kiel. De plysjefrou is troch kollega's en befeiligers mei geweld befrijd. De man rekke dêrby ferwûne.

De Sumarder is ûndersocht yn it sikehûs fan Ljouwert en sit no fêst foar fierder ûndersyk. De eigener fan de frachtwein en de plysjefrou hawwe oanjefte tsjin de man dien.

Trefwurden: 
plysjefrou smoare wurgje
(advertinsje)