Terherne fersteviget posysje as wettersportplak

02 apr 2018 - 15:18

Optimistyske lûden wiene op peaskemoandei te hearren yn Terherne by de start fan it wettersportseizoen. De hierfloat yn Terherne is de ôfrûne winter groeid oant mear as hûndert boaten. Terherne hat dêrtroch no in grutter oanbod as Snits, sizze de rekreaasje-ûndernimmers, en kin dêrtroch de wetterrekreant better betsjinje. Neffens wurdfierder Tolke de Boer fan de gearwurkjende wettersportbedriuwen wurdt de ferhier fan motorboaten hieltyd belangriker, omdat de jongere wettersporters faker in boat hiere en minder faak in boat keapje. De trochsneedleeftiid fan in motorboat-eigener is op dit stuit al sa'n 65 jier. Om ek jongere generaasjes oan te sprekken, moatte je de wettersport op in oare wize oanbiede, fine se yn Terherne.

Yn Terherne ferwachtsje se ek in soad fan de nije telefyzjesearje oer De Kameleon, dy't oer in pear wike begjint. Bettere marketing kin hast net, seit Nop de Graaf fan it Kameleondoarp. De Graaf ferwachtet dat Hielke en Sietske Klinkhamer sa wer bekender wurde by de bern fan no, want dy lêze minder as foarige generaasjes. Boppedat is it effekt fan de Kameleonfilm dy't Steven de Jong earder makke hat, útwurke. It Kameleondoarp spilet op de nije tv-searje yn mei in nije eksposysje yn de Kameleonbuorkerij en in nije farrûte.

De feestlike iepening fan it wettersportseizoen op peaskemoandei foel foar in grut part yn it wetter. De spesjaal ynrjochte parkearplakken oan de râne fan it doarp bleau foar de helte leech en ek de wettertaksys hiene it folle minder drok as ferwachte. De minsken dy't der wol wiene koene harren fermeitsje mei ûnder oare live-muzyk fan in shantykoar en oare artysten, in rekreaasjemerk en in oerkape rommelmerk yn it doarpshûs.

(advertinsje)