Mooglik rekôr spantsjes see-earnen yn Fryslân

02 apr 2018 - 14:40

De kâns bestiet dat dizze maitiid in rekôr tal see-earnen briede yn Fryslân. Ferline jier wiene der trije spantsjes dwaande wêrfan't twa jongen produsearren; yn it Lauwersmargebiet en by de Alde Feanen. Ek by Koudum besocht it spantsje it, mar dat sette net troch. Dit jier binne dy fûgels wer dwaande by Koudum.

Mooglik bliuwt it dêr net by, want ek op oare plakken dy't net bekend makke wurde, wurde see-earnen sjoen dy't wat ûndernimme wolle. Uteinlik soene der sels fjouwer of fiif briedgefallen komme kinne, seit skriuwer Romke Kleefstra fan de nij oprjochte lanlike Werkgroep Zeearenden.

Trefwurden: 
see-earn Romke Kleefstra
(advertinsje)