Grien Festival yn Koarnjum: twa wiken lang aktiviteiten

It Grien Festival is moandei iepene mei in stinzefloara-fytstocht. It festival duorret fjirtjin dagen en is yn Koarnjum, by Martenastate, de Túnwente, doarpshûs De Bining en de Nicolaastsjerke. Op peaskemoandei is der ûnder oare in 'healthmarkt'. Alle dagen is der wat te dwaan, fan konserten oant in klucht.
It festival, de kleurrike foartún fan Kulturele Haadstêd 2018, is in kombinaasje fan natuer- en kultuerbelibbing, eksposysjes, lêzingen, muzyk, lokaal iten, berne-aktiviteiten en ekskurzjes.
Foarsitter Henk Buith fan stichting Martenastate kundige nei lange ûnderhannelingen oan dat Landgoed Martenastate einlik útwreide wurde kin mei in stinzefloarapark. Mei de ynrjochting fan it park is al begûn, mar it wurk duorret sa'n twa jier.