Trije Friezen by topwedstriid yn Champions League Barcelona

02 apr 2018 - 12:36
Hessel Steegstra, Jan de Vries en Mario Diks

Trije Friezen binne kommende woansdei aktyf yn de arbitraazje fan de topwedstriid yn de Champions League tusken FC Barcelona en AS Roma. Mario Diks en Hessel Steegstra binne troch it fuotbalbûn oanwiisd as assistint-skiedsrjochter, Jan de Vries is de fjirde official. Danny Makkelie is oanwiisd as skiedsrjochter fan de earste wedstriid yn de kwartfinale.

De wedstriid wurdt spile yn it stadion Camp Nou yn Barcelona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)