Gouden finylmiddei by Omrop: kom del mei dyn platen!

Omrop Fryslân stiet dit lange peaskewykein yn it ramt fan 'De Hits fan Doe'. Trije dagen lang is muzyk te hearren út de jierren 1960, 1970, 1980 en 1990.
Gouden finylmiddei
Op peaskemoandei 2 april is middeis omtinken foar finylplaten yn de Gouden finylmiddei, tusken 13.00 en 18.00 oere. Harkers kinne in nagelnije, autentike platespiler winne. Dizze platespiler is geskikt foar 33 en 45 toeren, en hy kin oansluten wurde op usb. Ek dogge we der noch in pear platen by, fan Prince and the Revolution (Purple Rain), Michael Jackson (Thriller), Coldplay (Kaleidoscope) en Elvis Presley (Greatest Hits). It programma is ek op Omrop Fryslân telefyzje te sjen.
Kom del!
Harkers binne fan herte wolkom mei har eigen platen (singles) út de jierren 1960-1990 yn de studio oan de Zuiderkruisweg yn Ljouwert. Spesjale gast yn it programma is Wilfred de Jong, âld-DJ fan Radio Aquarius, Radio Caroline en Mi Amigo. Hy nimt syn finyl ek mei.