Arno Brok: "Ik gean noait wer út Fryslân wei"

02 apr 2018 - 12:15

In jier en in moanne is Arno Brok no kommissaris fan de Kening yn Fryslân. As ferlerne soan waard er binnenhelle, en foar himsels wie it ek de haadpriis, dizze bestjoersfunksje yn it Fryslân dêr't Brok sa fan hâldt. Hy neamt himsels 'in klassyk bestjoerder'. Ek al soe er gjin kommissaris mear wêze, Fryslân wol er noait mear wei, sa fertelt er yn It Polytburo.

Andries Bakker en Eric Ennema prate mei Brok fierder oer de achterbliuwende ekonomy yn ús provinsje. Dêroer seit er: "Yn it lobbyen binne wy Friezen te skruten". Deputearren binne gauris yn Den Haach en Brussel, mar út it Fryske bedriuwslibben sels kin wol mear groei komme. Brok fynt dat we net sasear de klam lizze moatte op it binnenheljen fan nije bedriuwen, mar foaral de bedriuwen dy't hjir al binne better stypje.

It Polytburo is peaskemoandei, 2 april, te sjen by Omrop Fryslân, om 18.20 oere en dan alle oeren wer.
 

(advertinsje)