Doede Bleeker wurdt eare op Aaipop

02 apr 2018 - 21:10

Doede Bleeker, de sjongende fiskboer út Starum, krijt peaskemoandei op Aaipop in spesjaal plak. Op it festivalterrein yn Nijlân is in 'Doede Bleekerplein' ynrjochte foar de sjonger dy't koartlyn op 65-jierrige leeftiid ferstoar.

Op dat plein betinke de trûbadoers Bruno Rummler en Piter Wilkens him op ferskate tiden. Yn de Harksankjeseal binne foto's te sjen fan Doede Bleeker op Aaipop, op ferskate edysjes fan it festival.

Aaipop is it grutste Frysktalige festival. De folgjende bands en artysten binne programmearre: Babalive, De Voskovs, Dirk, Frey, Gerrit Breteler, Grytz & Grize, Jaap Louwes & De Lossebinde, Jan de Vries, Keel, Jan Nota de BierTroubadour, Marcel Smit mei 'De Hiele Hannel', Marius de Boer, NNB, Rauzer, Sjoerd ensa, Skraal en Zea.

Trefwurden: 
Aaipop Doede Bleeker Nijlân
(advertinsje)