Tentoanstelling Mata Hari lûkt sa'n 90.000 besikers

02 apr 2018 - 08:18

De tentoanstelling 'Mata Hari - de mythe en het meisje' yn it Fries Museum hat sa'n 90.000 besikers lutsen. Op peaskemoandei is de tentoanstelling foar it lêst te sjen. It museum hie ek as doel 90.000 besikers te lûken en dat is dus goed slagge. It is lang net sa folle as de 158.000 dy't de tentoanstelling oer Alma-Tadema behelle. Mar Mata Hari is neffens Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum, in histoaryske tentoanstelling en dêrom net te ferlykjen mei Tadema. Kommende wiken wurdt de eksposysje 'Escher op reis' ynrjochte, dy't op woansdei 25 april offisjeel iepene wurdt.

Nei 2018

It is foar it Fries Museum in grutte útdaging om ek nei 2018 moaie grutte tentoanstellingen yn it museum sjen litte te kinnen. "Mijn collega-directeur van het Groninger Museum grapte: jullie zijn nu wel door de beroemde Friezen heen. Hier ben ik het niet mee eens. Neem bijvoorbeeld de schilder Wybrand de Geest. Hier kunnen we een tentoonstelling over maken'', fertelt Kris Callens. Fierder begjint ein dit jier de tentoanstelling 'Rembrandt en Saskia: Trouwen in de Gouden Eeuw'. "De halve wereld weet niet dat Rembrandt en Saskia in Sint Annaparochie zijn getrouwd.'' En oft der in Rembrandt nei Ljouwert komt? "Meer nieuws volgt'', aldus Callens.

(advertinsje)