Plysje hâldt balstjurrige stappers oan yn Ljouwert

02 apr 2018 - 08:10

De plysje yn Ljouwert hie it sneintenacht drok mei balstjurrige stappers. Op it Ruterskertier binne twa manlju oanhâlden. Dy wiene belutsen by in fjochterij en misledigen de plysje. De 44-jierrige man fan It Hearrenfean en in 22-jierrige Snitser binne meinaam nei it plysjeburo.

In 39-jierrige Ljouwerter is oanhâlden yn in hoarekagelegenheid op it Ruterskertier. De man hie in hoarekaferbod foar dit plak. Dat is útwreide nei in hoarekaferbod yn de hiele stêd.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)