Amelanner keunstnerspear wint trije ton yn lotterij

02 apr 2018 - 08:03

It keunstnerspear Margreet Halma en Tom Beijl op It Amelân is sneintejûn troch Winston Gerschtanowitz fan de Nationale Postcode Loterij ferrast mei in bedrach fan 300.000 euro. De presintator stie ûnder de telefyzje-útstjoering by har foar de doar. De trije ton is itselde bedrach as de winner yn de studio mei nei hûs nimt. It pear fljocht moandei nei har dochter yn Nij-Seelân. It jild wolle se ûnder oare brûke om in hûs foar har oare dochter te keapjen.

Neist dit pear winne noch njoggen bewenners mei de postkoade 9161 AN oan de Westerlaan yn Hollum in jildbedrach fan goed 27.000 oant 54.500 euro. Dat is ôfhinklik fan it tal lotten dêr't se mei meispylje.

(advertinsje)