Darter Danny Noppert útskeakele yn München

Danny Noppert © Omrop Fryslân, Ate Wielstra
Danny Noppert fan De Jouwer is sneintejûn útskeakele op de German Darts Grand Prix yn München. Hy ferlear mei 6-4 fan Mensur Suljovic. De 27-jierrige Jouster spile goed tsjin de Serviër, mar kaam wol op achterstân (3-1). Dy achterstân wist er om te bûgjen nei in 3-4 foarsprong. Dêrnei kaam Suljovic lykwols wer op foarsprong en pakte de lêste trije legs op rige.
Yn de earste ronde wie Noppert mei 6-3 noch te sterk foar de Poal Krzysztof Ratajski. Dêrtroch kaam de Jouster by de lêste 32 fan it toernoai.