Kollum: "Offaloarloch"

"De flagge gong út yn Grinslân doe't ôfrûne wike bekend makke waard dat de gaskraan definityf ticht giet. Deskundigen sprutsen fan in 'histoaryske oerwinning' fan de Grinslanners. Nei in jierrenlange striid lûke se dêr dan dochs oan it langste ein. Net allinnich in oerwinning foar al dy minsken dy't dêr wenje en lêst ha fan ierdbevings, mar ek foar de natoer. En op dat mêd is der nóch in wichtige striid dy't wy winne moatte. Nammentlik de striid tsjin it plastic.
Yn de ôfrûne fyftich jier is it gebrûk fan plastic oer de hiele wrâld fertweintichfâldige. De ferwachting is dat dit de kommende tweintich jier nochris ferdûbelje sil. Yn 2013 waard der mar leafst 299 miljoen ton plastic makke. In tredde dêrfan belânet úteinlik yn de natoer, en dan benammen yn oseanen. Neffens eksperts sit der yn 2050 mear plastic yn ús oseanen as fisk.
Lêstendeis mocht ik Rudy Folkersma en Jan Jager ynterviewe. Beide manlju binne lektor Circular Plastics by NHL Stenden Hegeskoalle. Sy dogge ûndersyk nei hoe't wy plastic sa goed as mooglik recycleje kinne. Want plastic is in prachtich recycle-produkt fine beide hearen. "Iedereen krijgt een nare bijsmaak van het woord 'plastic', maar het is een fantastiche grondstof voor een nieuw product." Ast it mar sa goed mooglik skiedst.
Ha, tocht ik wylst ik mei de beide manlju oan tafel siet, dat skiede dogge wy yn Smellingerlân. As iennichste gemeente yn Fryslân sammelje wy ús plastic apart yn. Dus njonken in kliko foar âld papier en grienôffal ha wy ek in kliko foar plastic. Of eins net in kliko, mar in plastic pûde. Ien kear yn de safolle tiid kinne we dy sekken by de dyk lizze en dan wurde se ophelle. Of do bringst se sels nei in ekoparkje, dêr't spesjale plastic ynsammelkonteners stean.
Ik moat sizze: dat plastic skieden giet by my thús as in tyt. Njonken plastic mei der ek kartonnen ferpakkingen en blikjes yn. Ast dat in bytsje braaf dochst, besparrest flink op it ôffal dat yn de grize kliko belânet. Werklik wier, dy hoech ik no folle minder te leegjen. Myntes stiet no soms wiken lang op syn plakje om't er noch net fol is.
Ha, tochten ynwenners fan omlizzende gemeenten: dat is handich. Sa kinne wy ek besparje op it ôffal yn ús grize kliko, sadat we minder hoege te beteljen foar it leegjen. En dus is der in run op plastic ûntstien. Yn gemeenten as Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen helje ynwenners braaf fan dy ynsammelpûden by de supermerken yn Smellingerlân en dogge dêr harren eigen plastic yn. Dat bringe se kreas nei de ynsammelbakken yn ús Smellingerlânske ekoparkjes. En sa skiede wy mei ús allen dus noch mear plastic.
Prachtich, soest sizze. Mar nee! Yn Smellingerlân binne se dêr hielendal net wiis mei. Al dat plastic fan oare gemeenten, dat hoege wy hjir net. Dêr moat de gemeente nammentlik ek wer foar betelje. En sa is der in wiere ôffaloarloch ûntstien. By sommige ekoparkjes steane al warskôgingsbuordsjes dat der kameratafersjoch is. As at soks wat helpe soe. Kinst ommers oan myn kop net sjen oft ik út Smellingerlân of Tytsjerksteradiel kom of wol dan?
Dus sit de gemeente Smellingerlân no wat yn de mage mei dy plastic ynsamling. Want in oplossing is der sa ien twa trije net. Ophâlde mei it opheljen fan plastic by de dyk en allinnich húshâldens yn Smellingerlân in paske jaan om nei it ekoparkje? Dan sil de helte fan de fanatike plastic ynsammelers fuortendaliks ophâlde. Moat ik alle kearen nei dy bak ride mei myn plastic? Ja daach. Ik smyt it spul wer yn de grize kliko. En dat is krekt wat we net wolle.
Hoe't dizze ôffaloarloch wol oplost wurde moat, wit ik ek net. Miskien troch frede te sluten en mei ús allen plastic te skieden. Want ien ding is wis: nei de striid tsjin it gas, moatte wy ek de oarloch tsjin de plastic fersmoarging mei elkoar winne."