Fryske autocrossers dogge it goed op speedway Blauhús

© ASF Durk Osinga
Trijetûzen taskôgers seagen op peaskesnein dat de Fryske autocrossers it goed dienen op de speedway yn Blauhús.
Arjen Visser fan Nijlân pakte komfortabel de oerwinning yn syn klasse, de FAC1600. Ek yn de keningsklassen pakten Friezen de haadpriis: Gert-Jan Klok fan Sint-Anne wûn de klasse Stockcar Formule 1 en nijkommer Rimer Lawerman fan Hantum pakte troch yn moaie ynhelaksje yn de lêste bocht de oerwinning yn de Formule 2.
Op peaskesnein is tradisjoneel de earste wedstryd op klaaibaan fan Blauhús. Moandei is de autocross yn Kollum.