Nederlân wint earste EK kuorbal ûnder 19 yn Ljouwert

01 apr 2018 - 19:37

Nederlân hat yn Ljouwert it earste Europeesk kampioenskip kuorbaljen ûnder de 19 wûn. De ploech fan Leon Simons wûn yn it Kealledykje mei 25-18 fan België ûnder de 19.

Fjouwer Friezen

Oan it EK dienen tolve teams mei. Lykas by hast alle toernoaien foar senioaren stienen Nederlân en België dus yn de finale. By Nederlân dienen fjouwer Friezen mei: Ilse van der Meulen, Julian Frieswijk, Marvin Piepers en Fardau de Boer.

Ferskil fan sân punten

De wedstriden bestienen út fjouwer kwarten fan tsien minuten. Frieswijk soarge foar de 1-0 en nei it earste kwart stie Nederlân al mei 10-3 foar. De hiele wedstriid bleau it ferskil likernôch sa grut. Frieswijk, dy't takom seizoen de oerstap makket fan SCO nei LDODK, skoarde yn de finale trije kear. Van der Meulen spilet foar DOS'46 en makke ien treffer.

Wrâldkampioenskip

De earste seis teams fan dit Europeesk kampioenskip binne sa goed as wis fan dielname oan it wrâldkampioenskip, dat takom jier ek yn Nederlân is. Dat binne, njonken Nederlân en België, ek Ingelân, Portugal, Dútslân en Kataloanië.

Trefwurden: 
kuorbal EK ûnder 19
(advertinsje)